Europe index

Bibel




Allegearre hawwe se ommers sûndige en dêrom moatte se de hearlikheid dy't God jout, misse. Romeinen 3:23

Want de soldij dy't de sûnde jout, is de dea, mar wat God ús yn syn genede skinkt, is it ivige libben yn mienskip mei Kristus Jezus ús Hear. Romeinen 6:23

Want troch genede binne jimme behâlden, troch de wei fan it leauwen. En dat komt net fan jimsels, mar God hat it jimme jûn. It is net troch goede dieden God wol net dat ien opsprekke soe. Efeziërs 2:8-9

Mar de tolgarder wie op in distânsje stean bleaun en woe net iens de eagen nei de himel opslaan. Hy sloech himsels foar it boarst en sei: God wês my sûnder genedich. Lukas 18:13

want sa wiis wie God mei de wrâld, dat Er syn Ienlingssoan jûn hat, dat elk dy't yn Him leaut, net omkomme, mar ivich libben hawwe soe. God hat ommers syn Soan net nei de wrâld ta stjoerd dat Er it oardiel oer dy wrâld útsprekke soe, mar dat dy wrâld, troch Him, behâlden wurde mocht. Johannes 3:16-17

Der hat jim gjin fersiking oantaast, dy't te swier is foar in minske om te graden. Mar God is tru. Hy sil net talitte, dat jim sa slim fersocht wurde, dat it jimme oermânsk wurdt, mar Hy sil mei de fersiking ek de útkomst jaan, sadat jimme it úthâlde kinne. 1 Korintiërs 10:13

Want ik ben derfan oertsjûge, dat noch dea noch libben, noch ingelen noch boppe-ierdske hearskers, noch hjoed noch takomst, noch oare machten, noch hichte noch djipte, noch watfoar oar skepsel ek, ea ús skiede kin fan Gods leafde yn Jezus Kristus, ús Hear. Romeinen 8:38-39

Want Kristus is de ein fan 'e wet, dat elk dy't leaut, wurdt frijsprutsen. Romeinen 10:4

Want de Skrift seit: Op 'e gaadlike tiid haw Ik dy ferheard en de deis fan it behâld haw Ik dy holpen. Sjoch, dy gaadlike tiid, dat is no! Dy dei fan it behâld, dat is hjoed! 2 Korintiërs 6:2

Doe't se dat hearden, gong it harren troch alles hinne en se seinen tsjin Petrus en de oare apostels: Wat moatte wy dwaan, mannen, bruorren? Petrus antwurde harren: Bekear jimme, en dan moat elk fan jimme him dope litte mei it neamen fan de namme fan Jezus Kristus om ferjouwing fan sûnden te krijen. Dan sil jimme de hillige Geast skonken wurde. Hannelingen 2:37-38

Nim de nije minsklike natuer oan sa't dy nei Gods byld skepen is yn wiere gerjochtichheid en hillichheid. Efeziërs 4:24


Romeinen

Allegearre hawwe se ommers sûndige en dêrom moatte se de hearlikheid dy't God jout, misse. Romeinen 3:23

It is sa't beskreaun stiet: Gjin minske is rjochtfeardich, ek net ien. Romeinen 3:10

Want de soldij dy't de sûnde jout, is de dea, mar wat God ús yn syn genede skinkt, is it ivige libben yn mienskip mei Kristus Jezus ús Hear. Romeinen 6:23

De sûnde is troch ien minske yn 'e wrâld kommen en troch de sûnde de dea. Dêrom hat de dea gjin minske oerslein om't allegearre sûndige hawwe. Romeinen 5:12

Want doe't wy noch swak wienen, is Kristus op Gods tiid al foar ús, goddeleazen, stoarn. Romeinen 5:6

God lykwols hat ús dúdlik sjen litten dat Er ús leaf hat: Want doe't wy noch sûnders wienen, is Kristus foar ús stoarn. Romeinen 5:8

mar dy't neffens de hillige Geast, oanwiisd is as Soan fan God yn al syn macht troch syn ferrizenis út 'e deaden: Hy, Jezus Kristus, ús Hear. Romeinen 1:4

Want wy witte dat Kristus mei't Er út 'e deaden opwekke is, noait mear komt te ferstjerren: de dea hat gjin mache mear oer Him. Romeinen 6:9

Want asto mei de mûle beliidst: Jesus is de Hear, en mei it herte leaust dat God Him út 'e deaden opwekke hat, dan silsto behâlden wurde. Romeinen 10:9

Want: elk dy't de namme fan de Hear oanropt, sil behâlden wurde. Romeinen 10:13

Want ik ben derfan oertsjûge, dat noch dea noch libben, noch ingelen noch boppe-ierdske hearskers, noch hjoed noch takomst, noch oare machten, noch hichte noch djipte, noch watfoar oar skepsel ek, ea ús skiede kin fan Gods leafde yn Jezus Kristus, ús Hear. Romeinen 8:38-39


Psalm 23

In psalm fan David
1. De Heare is myn hoeder; ik bin neat brek.
2. Hy lit my rêste yn griene lândsdouwen, Hy fiert my sêftkens oan fredige wetters.
3. Hy forkwikt myn siele, Hy laet my yn it spoar fan ‘e gerjochtigheit om de wille fan syn namme.
4. Al gean ik ek yn in delling fan deads skaed, ik sil gjin kwea freezje, hwant Jo binne by my; jins stoken jins stêf dy fortreastgje my.
5. Jo meitsje my de tafel klear foar de eagen fan myn tsjinstanners; Jo salvje myn holle mei oalje, myn tsjelk rint oer.
6. Kleare goed en genede folgje my al de dagen fan myn libben, en ik sil yn it hûs des Heare wenje yn lengte fan dagen.


Us Heit yn 'e himel

Us Heit yn 'e himel, lit jo namme hillige wurde, lit jo keninkryk komme, Lit jo wil dien wurde op ierde likegoed as yn 'e himel. Jou ús hjoed ús deistich brea en ferjou ús ús skulden sa't wy ús skuldners ek ferjûn hawwe; en lit ús net yn fersiking komme, mar ferlos ús fan 'e kweade; [want jowes is it keninkryk en de krêft en de hearlikheid oant yn ivichheid. Amen.] Mattéus 6:9-13


Thank you to Theodoor Westerhof for supplying some of this information.

Copyright © Nederlands Bijbelgenootschap, 1978


Stille nacht, Hillige nacht
Genesis 1-3


Europe index